Drachtster oanhâlden foar drugshannel

Boeien © ANP XTRA
Yn Drachten hat de plysje freedtejûn in 48-jierrige Drachtster oanhâlden op fertinking fan drugshannel. Yn syn hûs is speed en weed yn beslach nommen. Plysjes seagen in 40-jierrige man út Drachten út it hûs fan de fertochte kommen. Hy hie twa pûdsjes speed by him. De man is oanhâlden en nei ferhoar wer frijlitten. Dêrnei is it hûs fan de 48-jierrige bewenner ûndersocht en binne de drugs fûn. Alle drugs binne yn beslach naam en de bewenner is foar neier ûndersyk ynsletten. De man is al faker oanhâlden foar drugshannel.