Sealfuotballer mishannelet spilers en skiedsrjochter

© Omrop Fryslân
In 38-jierrige sealfuotballer út Ljouwert is freedtejûn oanhâlden op fertinking fan mishanneling fan twa spilers en in skiedsrjochter. De man die mei oan in wedstriid yn de bedriuwskompetysje yn de sporthal fan Frjentsjer. Flak foar de ein fan de wedstriid tusken WIK en boubedriuw Scharringa gie de man troch it lint en mishannele twa spilers fan de tsjinpartij. De skiedsrjochter dy't optrede woe, waard ek mishannele. De fertochte gong dêrnei gau fuort, mar koe letter yn syn hûs yn Ljouwert oanhâlden wurde. Hy is ynsletten op it plysjeburo.
Nei oanlieding fan de mishanneling is it sealfuotbalteam fan de bedriuwekompetysje yn Frjentsjer út de kompetysje set.