Nij bestimming betinke foar leechsteande tsjerken

22 nov 2014 - 12:17

Arsjitekten bûgen har freedtejûn oer de fraach wat der mei leechsteande tsjerken barre moat. Se ha dêr wol ideeën oer lykas in moskee, in hûs of in diskoteek. Neat wie te gek op de brainstoarmjûn yn debatsintrum de Bres yn Ljouwert, organisearre troch Attiek.

In saakkundige sjuery makke úteinlik út dat Melle Stumphius de wedstriid wûn. Hy hat in idee foar de tsjerke fan Jirnsum, in dei-opfang foar minsken mei in beheining mei dêrby in pottebakkerij en teeskinkerij. It idee wurdt oandroegen oan it tsjerkebestjoer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)