Achlumer jeugd hat wer eigen keet

De Achlumer keet de Dopper is freedtejûn weriepene yn it doarpshûs. De âlde keet moast ticht fan de gemeente Frjentsjerteradiel. In jier lang is oer de keet praat en twa moannen lang is ferboud en no sitte dizze jongeren yn it doarpshûs.
Se binne in stik frijheid kwyt, mar ha no wol bettere fasiliteiten. Yn in koart skoftke tiid binne 25 frijwilligers fûn. Boargemaster Fred Veenstra iepene it nije ûnderkommen.