Museum Belvédère wol mear erkenning fan oerheden

22 nov 2014 - 11:49

Museum Belvédère fiert it 10-jierrich bestean. It museum yn Oranjewâld draait sa lang al sûnder stipe fan oerheden en mei de help fan in soad frijwilligers. Konservator Han Steenbruggen soe wol wat mear erkenning fan oerheden ha wolle. It museum foar moderne en hjoeddeiske keunst is oprjochte troch Thom Mercuur.

It jubileum wurdt fierd mei in spesjale útstalling mei hichtepunten út de kolleksje. Goed 200 wurken binne te sjen dy't de lêste tsien jier kocht binne, lykas wurk fan Jan Mankes, Thijs Rinsema, Gerrit Benner en Sjoerd de Vries.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)