Motorrider ferwûne by Oerterp

22 nov 2014 - 11:33

In 29-jierrige motorrider fan It Hearrenfean is freedtejûn op de Opgong yn Oerterp ferwûne rekke by in oanriding. De man kaam yn botsing mei in 49-jierrige automobilist út Hylpen. De motorrider is mei ûnbekende ferwûnings nei it sikehûs brocht. De plysje ûndersiket de tadracht fan it ûngelok.

Trefwurden: 
ûngelok plysje Oerterp
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)