Marrit Leenstra wint de 1500 meter fan Wüst

Marrit Leenstra hat sneon by de twadde wrâldbekerwedstriden yn Súd-Koreä de 1500 meter wûn. Se fersloech yn in rjochtstreeks duel de favoryt Ireen Wüst. Yn de lêste rit ried Leenstra nei in tiid fan 1.57.76 en liet dêrmei Wüst mear as in heale tel achter har, sy finishe yn 1.58.33. De Russin Olga Graf einige as tredde.
Yn it wrâldbekerklassemint gean Leenstra en Wüst tegearre oan de lieding mei 180 punten. Ida Njatun út Noarwegen stiet mei 120 punten op it tredde plak.
Op de 500 meter by de froulju gong de winst nei thúsrydster Sang-Hwa Lee yn 37.99. Floor van den Brandt wie op it fjirde plak mei 38.84 de bêste Nederlânske rydster. Thijsje Oenema waard achtste, Anice Das tolfde en Margot Boer fjirtjinde.
De Rus Pavel Kulizhnikov wûn de 1000 meter yn 1.09.56. Stefan Groothuis waard twadde yn 1.09.83 en Kjeld Nuis tredde yn 1.09.86. Bob de Jong wûn de 10 km mei oermacht yn 13.17.51. De Belch Bart Swings waard twadde yn 13.32.45. Douwe de Vries waard sechsde yn 13.40.93. Opfallend wie de tiid fan maratonreedrider Erik-Jan Kooiman yn de B-groep. Hy ried 13.19.09.