Achtkarspelen wol 20 oant 30 ekstra banen skeppe

© Omrop Fryslân
De gemeente Achtkarspelen wol noch foar de ein fan it jier 20 oant 30 ekstra banen skeppe foar minsken mei in útkearing. Om dizze minsken oan it wurk te helpen, hat Achtkarspelen in stimulearringspreemje foar wurkjouwers yn it libben roppen.
Sy kinne, ôfhinklik fan de leeftyd fan de nije wurknimmer, tusken de 2500 en 5000 euro krije. Dêrfoar moat in bedriuw minimaal in kontrakt fan in healjier biede. Dit jild komt boppe-op oare, al besteande maatregels, lykas de 50+ preemje en de jongereinpreemje.