Miljoenen ekstra foar Fryske thússoarch

21 nov 2014 - 19:14

De Fryske gemeenten en fjouwer grutte soarchoanbieders hawwe mei-inoar 23 miljoen euro ekstra krigen fan it Ryk foar de húshâldlike help yn Fryslân yn 2015 en 2016. Fan dit jild moatte sa'n 6000 kliïnten holpen wurde. Ek kinne op dizze wize hast 3000 minsken harren baan yn de húshâldlike soarch hâlde.

De gemeenten hawwe ûnder oaren in plan betocht foar de saneamde himmelsjek: in soarte fan strippekaart om thúshelp yn te keapjen. Dit kostet nei alle gedachten sa'n 7 miljoen euro per jier en kin fan dit ekstraatsje betelle wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)