Ekstra kommisjegearkomste oer asylsikers yn Riis

21 nov 2014 - 17:15

De ried fan de Fryske Marren hat nije wike woansdei in ekstra kommisjegearkomste oer it AZC yn Riis. It is it iennichste punt op de aginda. Yn Riis is opskuor ûntstien oer it foarnimmen fan it COA om in nij AZC te festigjen yn Mooi Gaasterland. Der soene 500 asylsikers komme. Riis sels telt 175 ynwenners. Earder hat ek wethâlder Durk Durksz fan de Fryske Marren al oanjûn dat 500 asylsikers tefolle is en dat der oare plakken yn de gemeente binne dy't better binne foar in AZC.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)