'Doarpen moatte sels in wynmûne hawwe kinne'

21 nov 2014 - 16:36

'Jou doarpen har eigen enerzjy'. Dy oprop docht de wurkgroep Gemeenschappelijike Duurzame Energie Friesland freed. By dy klup binne sa'n 10 doarpen oansletten dy't graach sels duorsume enerzjy opwekke wolle, mar troch it stânpunt fan it kolleezje fan Deputearre Steaten dat alle wynenerzjy út de Iselmar komme moat steane har plannen faai. Derom fiere se aksje. Yn Raerd is in sympoasium fan doarpswurk en dêr diele se har flyers út oan de ferskate doarpsbelangen en oan de fertsjintwurdigers fan de polityk dy't oanwêzich binne.

Trefwurden: 
enerzjy duorsum wynmûne
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)