Spesjaal parkearplak foar swangere froulju

21 nov 2014 - 14:50

Swangere froulju hawwe sûnt dizze wike harren eigen parkearplak by sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten. It plak wie in winsk fan de pasjinten sels. It parkearplak sit flakby de yngong fan de Spoedeaskjende Help.

In boerd mei dêrop in P en in earrebarre jout oan dat dit plak reservearre is foar swangere froulju.

Trefwurden: 
Nij Smellinghe
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)