Fûgelgryp kostet bedriuwen in soad jild nettsjinsteande fûns

Piken © Omrop Fryslân
De fûgelgryp komt hieltyd tichteby. Freedtemoarn is bekend wurden dat der in tredde gefal fûn is. Dizze kear giet it om in pikebuorkerij yn it Oeriselske doarp Kamperveen. Neffens pikeboer Piet Faber fan Nijeberkeap en bestjoerslid fan LTO Noard, is der wol in fûns foar de bedriuwen dy't troffen wurde, mar net alle kosten wurde dêrút fergoede. Ek de bedriuwen om de troffen bedriuwen hinne, moatte in soad ekstra kosten meitsje dy't net fergoede wurde.