Gemeente Ljouwert slút wenning om hannel yn harddrugs

21 nov 2014 - 13:33

In wenning oan de Kei yn Ljouwert giet yn opdracht fan boargemaster Ferd Crone seis moanne ticht. De bewenner hannele neffens de gemeente yn harddrugs. De plysje hat in grutte foarried harddrugs yn it hûs fûn en de drugs waarden yn de wenning klear makke om te ferkeapjen. De sluting giet freed yn. Mei de maatregel wol Crone de drugshannel tsjingean en de oerlêst foar omwenjenden foarkomme.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)