Stik minder ynbraken yn Ljouwert

21 nov 2014 - 13:30

It oantal wenningynbraken yn Ljouwert leit de lêste trije moannen in stik leger yn fergelyk mei deselde moannen ferline jier. Ferline jier wiene der noch 224 ynbraken of waard besocht yn te brekken, dit jier wiene dat 124. De gemeente Ljouwert is bliid mei de sifers. Neffens de gemeente melde ynwenners fertochte situaasjes earder en dogge se mear oan previnsje. Dêrneist sette plysje en buertprevinsjeteams mear yn op de oanpak fan ynbrekkers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)