Bever sit op in te gefaarlik plak

21 nov 2014 - 12:20

De iennichste Fryske bever sit no op it gefaarlikste plak foar sûchdieren yn de provinsje; deun njonken de A6 oan de râne fan de Tsjûkemar. Dêr binne al tolve otters dea riden en in pear dassen. Neffens Harrie Bosma fan de lanlike sûchbisteferiening is it bist dêr fan de Brekken ôf troch de Follegeaster Sleat bedarre. Hy fynt dêr no dúdlike spoaren fan de bever, want der binne beammen oanfretten. Bosma makket him grutte soargen oer de feilichheid fan it bist.

Hy wol dat in besteand plan om otters op in feilige wize hin-en-wer te helpen ûnder de A-6 sa gau mooglik útfierd wurdt. Ek it ferkear rint gefaar, want in 15 kilo swier bist fiele je wol as je der tsjin oan ride.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)