Ljouwerter oppakt nei trochriden by ûngelok

Plysje © ANP XTRA
In 37-jierrige Ljouwerter is tongersdei yn de Wassenberghstrjitte oanhâlden, nei't hy trochriden wie by in ûngelok. De man wurdt derfan fertocht dat hy op it Suderplein in 28-jierrige fytster oanriden hat. De frou rekke ferwûne en waard troch meiwurkers fan de ambulânse behannele. In tsjûge notearre it kenteken fan de Ljouwerter en joech dat troch oan de plysje. Dy koe de man letter oanhâlde. De man hat in ferklearring jûn en mocht dêrnei nei hûs. De auto fan de man is foar ûndersyk yn beslach naam.