Earste seehûnepups fan nije seizoen berne

21 nov 2014 - 10:39

De earste seehûntsjes fan dit seizoen binne berne yn de Waadsee. De bemanning fan in fiskersskip hat de pups dizze wike sjoen yn de omjouwing fan Flylân. Dat meldt opfangsintrum Ecomare. Neffens Ecomare is it noch betiid yn it seizoen foar de jonge seehûntsjes. Earder kaam de bertepyk pas nei heal desimber op gong. De ôfrûne jierren is dit al ferskood nei begjin desimber. It is noch net dúdlik hoe't it komt dat grize seehûnen hieltyd earder jongen krije.

It giet goed mei de seehûnen yn de Waadsee. It kin wêze dat âldere seehûnen dêrtroch faker jongen krije. Ek kin it wêze dat der mear seehûnen út Ingelân nei Nederlân swimme. By Ingelân leit de bertepyk earder as yn ús lân. Ek klimaatferoarings spylje mei. Ecomare docht hjir ûndersyk nei

Trefwurden: 
Waadsee seehûnen ekomare
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)