Dronken Ljouwerter út de tiid
In 20-jierrige Ljouwerter hie yn de nacht fan tongersdei op freed sa folle drank op, dat hy op strjitte út de tiid rekke. Plysjes fûnen de man yn de Sint Jacobsstrjitte. Meiwurkers fan de ambulânse hawwe de man ûndersocht. De man is foar syn eigen feiligens nei hûs brocht. Hy hat wol in boete krigen foar iepenbiere dronkenskip.