Min begjin 500 meter foar Fryske froulju

21 nov 2014 - 09:56

Reedrydsters Thijsje Oenema en Margot Boer koene freed gjin potten brekke op de earste edysje fan de 500 meter by de wrâldbekerwedstriden yn Seoul. De Japanske reedrydster Nao Kodaira wûn mei 38,05. Twadde waard de Súd-Koreaanse Sang-Hwa Lee mei 38,18. De Dútse Judith Hesse waard tredde mei 38,95. Thijsje Oenema waard achtste mei 39.08 en Nederlânsk kampioen Margot Boer waard tsiende mei 39,12. Sneon wurdt de twadde 500 meter foar froulju riden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)