LTO Noard tsjin ferfiersferbod

21 nov 2014 - 08:43

LTO Noard hat syn betinkingen by it lanlike ferfiersferbod foar plomfee nei de nije útbraak fan de fûgelgryp. By RTV Noord seit de lânbou-organisaasje dat de útbraak yn it Súd-Hollânske Ter Aar fier fuort is en dat plomfeehâlders yn it Noarden bot troffen wurde troch it lanlike ferfiersferbod fan 72 oeren. Europeeske regels soene in ferfiersferbod yn in straal fan 10 kilometer om it troffen bedriuw foarskriuwe. De organisaasje giet derom freed mei it ministearje yn petear om it ferbod fan tafel te krijen.

LTO neamde de nije útbraak earder al in drama om't de skea twa kear sa grut is. Benammen de eksport soe bot te lijen ha ûnder de fûgelgryp.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)