Foarearst gjin nije bisten yn dunen Skiermûntseach

20 nov 2014 - 23:36
  • It strân fan Skiermûntseach

De grutskalige yntroduksje fan bisten om de rûchte yn de dunen fan Skiermûntseach te bestriden, wurdt in jier útsteld. Eins soe yn de maaitiid fan 2015 in begjin makke wurde mei it brûken fan spesjale kij, hynders en wisenten (Europeeske buffels). Dy moasten de rûchte fuortfrette. Mar omdat de provinsje hjir pas yn 2016 jild foar hat, giet dit foarearst net troch.

Dochs besiket behearder Natuurmonumenten takom jier lytsskalich te begjinnen mei de yntroduksje fan in oantal kij. Hoksoart fan kij dat wurdt is noch net útiten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)