Lintsje foar Harnzer brânwachtman

20 nov 2014 - 21:38
  • Lintsje

Brânwachtman Klaas van der Ploeg hat tongersdeitejûn in keninklike ûnderskieding krigen út hannen fan boargemaster Roel Sluiter fan Harns. Van der Ploeg hat mear as tritich jier aktyf west by de Harnzer brânwacht, mar moat dat wurk fanwege syn sûnens no dellizze.

Hy is beneamd ta lid yn de Oarder fan Oranje Nassau.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)