Twa jonge otters rêden fan de dea

Otter © Omrop Fryslân
Twa jonge otters binne tongersdeitemoarn rêden yn Oerisel en wurde opfongen yn de Fûgelhelling yn Oerterp. Meiwurkers fan Steatsboskbehear en Natuermonuminten wienen al wiken op syk nei it jonge duo, neidat de mem begjin dizze moanne deariden waard op de provinsjale dyk by Hasselt. Der wie fuort nei it ûngelok in speurtocht op tou setten, mar sûnder resultaat.
In muskusrottefanger seach de bisten tongersdei en warskôge steatsbosk. De jongen wurde yn de Fûgelhelling fersoarge en as se sterk genôch binne wurde se wer útsetten.