Befeiligingsbedriuw FE Telecom yn Stiens groeit hurd

It bedriuw FE Telecom út Stiens profitearret der flink fan dat hieltyd faker befeiliging ynsetten wurdt by eveneminten. It bedriuw wurdt by in soad grutte feesten frege. Sa hawwe se ûnder oare Serious Request yn Ljouwert befeilige.
En om't it bedriuw hieltyd faker frege wurdt rûnom yn Nederlân, binne se flink groeid. Yntusken binne se ferhuze nei in nij ûnderkommen yn Stiens. Freedtemiddei is de offisjele iepening fan it gebou.