CDA: "Teeven en COA moatte tegearre om tafel"

20 nov 2014 - 17:50
  • Boargemaster Aalberts krijt petysje oanbean

It sintraal orgaan opfang asylsikers (COA) moat tenei rekken hâlde mei de maat fan de doarpen dêr't se asylsikers pleatse wolle. It CDA hat dat tongersdeitemiddei foarsteld yn de Twadde Keamer. Se trune der op oan dat steatssekretaris Fred Teeven fan Feilichheid en Justysje om tafel giet mei it COA oer de opfang fan asylsikers.

Op it stuit is der in soad diskusje oer doarpen as Riis en Oranje, lytse doarpkes dêr't yn ferhâlding in soad asylsikers pleatst wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)