Heit en soan oppakt foar it besit fan yllegaal fjoerwurk

Yllegaal fjoerwurk © Omrop Fryslân
In 50-jierrige heit en syn soan fan 14 jier út Dongeradiel binne woansdei oppakt foar it besit fan yllegaal fjoerwurk. De manlju hienen 100 flinterbommen, hast 500 nitraatbommen en 74 Cobra's 6 yn in skuorre lizzen.
De plysje kaam it duo op it spoar yn har ûndersyk nei in slim ûngelok yn Eanjum ôfrûne wykein. Dêrby rekke in jonge fan 13 jier út Harns slim ferwûne oan de hân by it ôfstekken fan fjoerwurk.