Frou út Appelskea oanriden, automobilist rydt troch

20 nov 2014 - 15:39

In 19-jierrige frou út Appelskea is woansdeitejûn ferwûne rekke oan de earmtakke doe't se oanriden waard op de Vaart Zuid Zijde yn har wenplak. It slachtoffer wie by de Tolheksleane út de bus stapt en rûn fierder troch de berm.

In automobilist ried har fan achteren oan en naaide dêrnei út. De auto kaam út de rjochting fan Smilde. De plysje siket tsjûgen fan it ûngelok. It soe gean om in donkere auto.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)