Ljouwerter bussjauffeur mishannele troch passazjier

20 nov 2014 - 11:25

In 61-jierrige bussjauffeur út Ljouwert is woansdeitejûn mishannele troch in 24-jierrige Ljouwerter. De mishanneling barde nei't de 24-jierrige fertochte ynstapte yn Boalsert.

De fertochte misledige de sjauffeur. Doe't de bus fuortried en de sjauffeur remje moast foar in bocht, gong de fertochte ûnderút yn de bus. Ut lilkens pakte er de sjauffeur fêst by syn klean, luts him út syn stoel en sloech it 61-jierrige slachtoffer mei de fûst yn it gesicht.

De sjauffeur koe de bus noch krekt op 'e tiid ûnder kontrôle krije om in ûngelok foar te kommen. De 24-jierrige Ljouwerter is oanholden. Njonken de ferklearring fan de sjauffeur hat ek in tsjûge in ferklearring fan de mishanneling ôflein.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)