Groeiend tal Friezen freget WW-útkearing oan

20 nov 2014 - 10:25
  • UWV

It oantal WW-útkearings yn Fryslân is yn oktober tanaam nei hast 17.500. Fryslân wykt dêrmei ôf fan de oare noardlike provinsjes, dêr't it tal útkearings just sakke.

Benammen yn de hoareka, hannel en soarch gie it oantal útkearings omheech. Yn de bou, yndustry en it ûnderwiis waarden minder útkearings oanfrege. Oer it hiele jier besjoen nimt it oantal útkearings yn Fryslân ôf.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)