Nije ûntslaggen by NDC Mediagroep: 100 banen wurde skrast

By de útjouwerij fan de Noordelijke Dagblad Combinatie gean op 'e nij banen ferlern. It giet om 100 arbeidsplakken. Neffens direkteur Dina Boonstra binne de ûntslaggen nedich om de regionale sjoernalistyk yn it Noarden te behâlden. De NDC mediagroep hat te krijen mei tekoarten en moat miljoenen besunigje.
It is noch net dúdlik wêr't de ûntslaggen krekt falle. NDC is de útjouwer fan ûnder oaren de Ljouwerter Krante en it Friesch Dagblad. Foarich jier waarden al 250 banen skrast by de noardlike útjouwerij.