Ald-politika Geertje Lycklama à Nijeholt ferstoarn

Geertje Lycklama à Nijeholt © ANP
De yn Lollum berne politika en heechlearaar Geertje Lycklama à Nijeholt is tiisdei op 76-jierrige leeftyd ferstoarn. Fan 1995 oant 2003 wie se lid fan de PvdA-fraksje yn de Earste Keamer, wêrfan de lêste fjouwer jier as fraksjefoarsitter.
Dêrfoar wie se ûnder oare bysûnder heechleraar emansipaasjekunde en frouljustúdzjes oan de Lânbouhegeskoalle Wageningen. Sûnt 2005 wie se lid fan de ried fan tafersjoch fan de Ryksuniversiteit Grins.