Wurkgroep Riis oerwaget boykot fan COA-byienkomst

19 nov 2014 - 23:23

Wurkgroep Riis oerwaget om nije wike moandei in ynformaasjebyienkomst fan de gemeente en it COA út protest te boykotten. De wurkgroep wol yn stee fan ynformaasje foaral antwurden hawwe op fragen oer de húsfesting fan 500 asylsikers yn it doarp.

Woansdeitejûn hat foarsitter Minke Hiemstra mei in tal ynwenners op it gemeentehûs op De Jouwer oan boargemaster Aalberts in petysje oanbean. Dêryn stean fragen oer hoefolle asylsikers der no werklik komme en oft makke ôfspraken oer de opfang al definityf binne. Goed 500 minsken ha de petysje tekene.

Aalberts woe noch net ynhâldlik reageare op de ynhâld fan de petysje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)