Gruthannel T2 Entertainment Drachten fallyt

19 nov 2014 - 22:58

T2 Entertainment yn Drachten en in ferskaat oan oare bv's is fallyt. By de gruthannel yn cd's, dvd's, games en gadgets wurken fyftjin minsken. It bedriuw levert oan grutte winkelketens.

Skuldeaskers hawwe noch 2,5 miljoen euro fan it bedriuw tegoede. Der stiet in soad foarried en 1,3 miljoen euro oan útsteande rekkenings tsjinoer. Kurator Jaap van der Meulen besjocht oft der ek in trochstart yn lytsere foarm mooglik is.

Neffens Van der Meulen is de fraach nei cd's, dvd's en games bot ynsakke, no't hieltyd mear minsken muzyk, films en kompjûterspultsjes oer it ynternet keapje. It personiel wurdt frege earst noch troch te wurkjen, mar sil úteinlik dien krije. As der in trochstart komt, hawwe sy wol de grutste kâns om wer yn tsjinst te kommen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)