Learlingen RSG Simon Vestdijk tsjin ljochtfersmoarging

Learlingen fan it RSG Simon Vestdijk yn Harns wurkje gear mei de gemeente Harns en provinsje Fryslân oan in projekt om de rânen fan it Waad tsjusterder te meitsjen. De bern tinke mei hoe't se de ljochtfersmoarging oan de kust by Harns oanpakke kinne.
Dat soe better wêze foar it miljeu en de bisten dy't yn de Waadsee libje. De bern farden woansdeitejûn op in boat op de Waadsee om te sjen wat no echt tsjuster is. De learlingen krije seis wiken de tiid om mei plannen te kommen hoe't se de ferljochting yn de stêd oars oanpakke kinne.