"Amtners Skylge jouwe jild út sûnder wittenskip ried"

Pleatslik Belang Skylge wol dat de gemeenteried op it eilân nije wike yn 'e iepenbierheid praat oer de klokkeliedersmelding dy't by de gemeente dien is. Neffens dy melding soene amtners fan de gemeente geregeld jild útjaan en begruttingswizigingen trochfiere bûten de gemeenteried om.
Fraksjefoarsitter Guus Schweigmann neamt dat 'een politieke doodzonde'. De partij hat dêrom boargemaster Bats fan Skylge frege om hjir nije wike tiisdei yn de iepenbierheid oer te praten. Bats kin dat neffens Schweigmann net wegerje.
Neffens in artikel yn de gemeentewet kin 1/5 part fan de gemeenteried ek beslute om in gearkomste út te skriuwen. Pleatslik Belang Skylge hat hjir sels foldwaande sitten foar. Yn de klokkeliedersmelding giet it benammen oer projekten dy't djoerder wurden binne as begrutte, sûnder dat de gemeenteried hjirfan op 'e hichte brocht wurdt. It soe hjirby alle jierren om tonnen gean, sa seit Schweigmann. De skriuwer fan de klokkeliedersmelding is in hegere amtner fan de gemeente, dy't it ôfrûne foarjier skorst is.
Wethâlder Teun de Jong seit dat de dokumintaasje fan de gemeente Skylge transparant is en dat der boppedat in wiidweidich ûndersyk útfierd is. De Jong tinkt dat Schweigmann it net iens is mei de resultaten fan dat ûndersyk en dêrom no om him hinne slacht.