Undersyk nei grut tal konifearebrannen

19 nov 2014 - 16:59

De plysje docht ûndersyk nei in searje konifearebrannen yn Damwâld. Neffens wurdfierder Anne van der Meer fan de plysje ha der sûnt oktober al alve brannen west. Yn de ôfrûne jierren hawwe der al faker meldingen west fan konifearebrannen yn it doarp. Mooglik giet it om noch mear brannen, om't net oeral melding fan dien wurdt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)