Mega sportsaak iepene yn Ljouwert

Yn Ljouwert is woansdei in nije sportsaak iepene. De grutte winkelketen Decathlon iepene dêr de doarren fan syn fyfde fêstiging in Nederlân, op winkelpark de Sintrale yn Ljouwert. By de winkel kinne minsken terjochte foar guod fan in hiel soad sporten. De keatswanten en polstokken lizze lykwols noch net yn de rekken. De parkearplakken op it winkelpark steane troch de wike al grôtfol auto's.
Dochs is de bedriuwslieder fan de winkel, René Schoenmaker, net benaud foar in ferkearsgaos op 'De Sintrale'.
Decathlon hat njonken Ljouwert ek yn Amsterdam, Kerkrade, Apeldoorn en Best in saak stean. Wrâldwiid bestean der mear as 500 fêstigings fan it Frânske bedriuw.