Man plakt hûn de bek ticht

© Omrop Fryslân
In 36-jierrige man út Snits hat tiisdei in proses-ferbaal krigen foar bistemishanneling. De plysje krige in melding binnen dat de man ien fan syn hûnen tape om de bek dien hie. De man ferklearre dat er dat dien hie, om't buertbewenners klagen oer lûdsoerlêst. In bistedokter hat it plakbân fuorthelle en it bist oan de Snitser werom jûn. It wolwêzen fan de hûnen wurdt foarearst yn de gaten hâlden.