Psy-Fi hat fertrouwen dat twadde edysje trochgiet

Tinten fan Psy-Fi gongers yn de Griene Stjer © Omrop Fryslân, Alle Faber
It ynternasjonale dance-festival Psy-Fi hâldt goeie hoop op in twadde edysje fan dit festival yn rekreaasjegebiet de Griene Stjer by Ljouwert. Wurdfierder Chris Garrit fan Psy-Fi sei dit woansdei nei ôfrin fan oerlis mei de Ljouwerter kultuerwethâlder Sjoerd Feitsma. De ôfrûne simmer kamen nei oanlieding fan it seisdaachse festival sa'n 186 klachten fan omwenjenden by de gemeente binnen. B. en w. fan Ljouwert hawwe dêrom besletten om gjin festivals mear ta te stean dy't dei en nacht trochgeane, lykas Psy-Fi.
Chris Garrit hat al in nije edysje fan Psy-Fi pland yn de lêste wike fan augustus 2015. It festival sil him dêrby fansels hâlde oan de nije regels fan de gemeente Ljouwert, sa seit er. Garrit fynt dat it ynternasjonale festival goed past by de status fan Ljouwert Kulturele Haadstêd. Psy-Fi is dan ek fêst fan doel om in fergunning oan te freegjen by de gemeente foar in nije edysje fan it dancefeest.