Bonny en Clyde yn maart foar de rjochter

19 nov 2014 - 15:13

It proses tsjin Antonio van der P. út De Harkema en syn freondinne fynt begjin maart plak. Dat is woansdei foar de rjochtbank yn Assen sein. Woansdei wie de rezjysitting tsjin it duo, dat de bynamme Bonny en Clyde krigen hie. Se lutsen begjin dit jier in spoar fan geweld troch it lân, wêrnei't se lang om let yn Dútslân oanhâlden wurde koenen. Se wiene beide net oanwêzich op de sitting yn Assen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)