Tûzenen euro's foar opknappen kelder It Vierkant

Gemeente Harns sil 140 tûzen euro stekke yn it opknappen fan de kelder fan multyfunksjoneel sintrum It Vierkant. Hjir siet earst it jeugdhonk. Mar troch de grutte stoarm fan ferline jier hat de kelder in soad wetterskea oprûn en kin it net mear brûkt wurde troch de jongerein. Ek de rest fan it gebou hie skea, dat is allegear al hersteld. As allerlêste wurdt no de kelder oanpakt en dat is tagelyk ek de grutste put. Om't net dúdlik is wêr't it krekt lekt, wurdt de hiele toplaach fan 'e flier derút helle.