Fûgels rinne noch bûten by Fûgelpits

19 nov 2014 - 12:41
  • Fûgels by de Fûgelpits
  • Fûgels by de Fûgelpits

By fûgelopfang de Fûgelpits by Moddergat rinne de fûgels noch gewoan bûten. En dat wylst der yn hiel Nederlân in ophokplicht jildt yn ferbân mei de fûgelgryp. It ferbod fûgels te ferfieren yn ferbân mei de fûgelgryp jildt net mear. Mar de ophokplicht rint seker noch oant 18 desimber troch. By in fûgelopfang is it in stik dreger om oan dy ferplichting te foldwaan as by in pikeboer. Neffens Gaatske Wiersma fan de Fûgelpits is it hast net te dwaan de fûgels te fangen dy't no bûten binne. Sy is benaud dat der fûgels dea geane.

Der is wol neitocht oer it delsetten fan in partytent, mar dy waait sa fuort as de wyn wat oanhellet. Dêrom hingje der no allinnich wat plestik linten om de wylde fûgels fuort te hâlden, mar dat helpt net echt. Der wurde ek hieltiten mear fraachtekens set by de teorie dat wylde fûgels it grypfirus oerbringe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)