Spesjale befrijingskalinder fan Kazemattemuseum

Kazemattemuseum © Omrop Fryslân, Remco de Vries
Yn it Kazemattemuseum yn Koarnwertersân is snein 30 novimber de spesjale befrijingskalinder te krijen. De kalinder is útbrocht fanwege it feit dat it yn 2015 santich jier lyn is dat ús lân befrijd is. It giet om in skuorkalinder mei allerhande ynformaasje oer it tema, lykas feiten, útspraken en gedichten. Spesjaal fanwege de kalinder is it museum dy snein iepen foar trouwe besikers en fans. Der lizze dan sa'n 150 kalinders klear. De besikers kinne dan ek de film "De Overval" út 1962 sjen en der binne rûnliedings troch it museum.