Reedriders stride om te riden yn Dubai

Reedriders binne lilk op de ynternasjonale reedryduny ISU, omdat se net meidwaan meie oan in kommersjele wedstryd yn Dubai. It giet om de Ice-derby, dêr't de bêste langebaanriders en shorttrackers tsjin elkoar ride op in 220-meter baan. De ISU driget de riders mei in libbenslange skorsing as se dêr oan de start komme. De riders sjogge it probleem net, omdat de wedstryd bûten it wedstrydseizoen hâlden wurdt en it in moaie finansjele ynstruier betsjut.
De riders hawwe no in iepen brief oan de Europeeske Kommisje skreaun oer de kwestje. Sy fine dat it optreden fan de ISU yn striid is mei de Europeeske meidingingsregels. De brief is mei ûndertekene troch Sven Kramer, Daan Breeuwsma, Sjinkie Knegt en Rintje Ritsma.