Wedstryd UNIS Flyers giet troch ûndanks problemen

De UNIS Flyers yn aksje tsjin Geleen © Nicolien Sijtsema Fotografie
De wedstryd dy't de UNIS Flyers kommende sneon spylje moatte tsjin de Eaters Geleen giet gewoan troch. Dat hat de iishockeyklup foarsitter Henk Hoekstra fan de Flyers witte litten. Geleen hat finansjele problemen en driget fallyt ferklearre te wurden. Op dit stuit is dêr lykwols noch gjin dúdlikens oer en kin der noch gewoan spile wurde. Mocht Geleen wol fallyt gean dan bliuwt der in kompetysje mei fjouwer ploegen oer.