Ambysjes Bûn fan IIsklups krije stal

"Ik mei wol winter wurde", dat wie it gefoel yn iisstadion Thialf op de jiergearkomste fan it Bûn fan IIsklups, it gewest Fryslân fan 'e KNSB. De oansletten ferienings krigen dêr fan foarsitter Eelke Lok en syn bestjoersleden in gearkomste mei faasje. It gong oer de jildpine fan it gewest, mar dat is ek al wer ferholpen. En fierder oer it regionaal trainingssintrum, oer Thialf, oer it jeugd- en skoalreedriden, oer de grutte KNSB en de feroarings dy't der barre sille. Basis fan dat alles wie it 'bidboek' dat in jier lyn presintearre waard.