'Gouden Gazelle' foar Probo en Werken met Merken

18 nov 2014 - 21:51
  • De winners fan de FD Gazellen Awards Noard-Nederlân

De 'Gouden Gazelle Award' fan it Financieel Dagblad is wûn troch Probo út Dokkum yn de kategory middelgrutte bedriuwen en it bedriuw Werken met Merken út Easterwâlde yn de kategory lytse bedriuwen. Tiisdei krigen beide bedriuwen de Award útrikt by in feestlike byienkomst yn Hoogeveen. Probo is in digitale printleveransier mei rom hûndert wurknimmers. Werken met Merken ferkeapet gemyske materialen oan bedriuwen en konsuminten. Beide bedriuwen moatte op 1 desimber striede om de lanlike ear.

De FD Gazellen Awards wurde jierliks troch it Finacieel Dagblad takend oan bedriuwen yn Nederlân dy't it fluchst groeie. Dat betsjut konkreet dat de bedriuwsomset yn in jier tiid mei minimaal twintich prosint omheech gean moat. By Probo wie der tusken 2011 oant en mei 2013 in groei fan 102 prosint en by Werken met Merken 171 prosint.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)