Lang om let earste bewenners Van Harenshuus Sint Anne

18 nov 2014 - 21:09

Yn Sint Anne krije dizze wike de earste hierders fan in appartemint yn it Van Harenshuus de kaai fan har nije wenning. Troch tal fan rjochtsaken en boustops hat de realisaasje fan it wensoarchkompleks jierren duorre. De ûnderste en earste ferdjipping sille fan maart 2015 ôf brûkt wurde foar it jaan fan soarch oan minsken dy't demintearje. Op de twadde, tredde en fjirde ferdjipping binne 16 apparteminten boud.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)