Grutte renovaasje swimbad Burgum

18 nov 2014 - 18:45

Yn maaie takom jier sil der in begjin makke wurde mei in grutskalige renovaasje fan swimbad De Wetterstins yn Burgum. De ferbouwing is nedich om it swimbad oan te passen oan de easken fan dizze tiid. Heal septimber 2015 moet it fernijde swimbad klear wêze. Yn de perioade fan maaie oant en mei septimber is it iepenloftswimbad fan de gemeente Tytsjerksteradiel yn Gytsjerk iepen foar swimmers. Foar de swimlessen wurdt noch nei in alternatyf socht.

Njonken in nije konstruksje fan it plafon komme der ek nije flierren en wurdt der oare ferljochting oanbrocht. De grutste feroaring is dat der in tribune komt mei tusken de 100 en 150 sitplakken foar swim- en wetterpolowedstriden en it diplomaswimmen. Ek de klaaihokken en de ûntfangstromte wurde opknapt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)